|
.
Ienris wie ik mem
Ienris wie ik bern, faam, frou
en doe mem. De mem
mei tee, moalkoekjes en molke.
De matteklopper foar de tucht
de tuten foar de sucht.
Ienris wie ik mem, de mem
fan lila jasseberntsjes, fan oppompe
fan plastik trekkerbantsjes,
bedobber fan deade kattelykjes.
En wachter yn de nacht.
No hein ik fûgels op, en plok
deade miggen fan de muorre.
Ik sied biten foar de friezer,
sis tsjin de baas hoe bliid ik bin,
de hannel is op. En los bin ik.
Eens was ik moeder
Eens was ik kind, meisje, vrouw
en toen moeder. De moeder
met thee, mariakaakjes en melk,
de mattenklopper voor de tucht
de kusjes voor de zucht.
Eens was ik moeder, de moeder
van lila jassenkindjes, van oppompen
van plastic trekkerbandjes,
delver van dode kattenlijkjes.
En wachter in de nacht.
Nu vang ik vogels, en pluk
dode vliegen van de muur.
Ik kook bieten voor de vriezer,
zeg tegen de baas hoe blij ik ben,
de handel is weg. En los ben ik.
.
|