|
.
Midsimmernachtwacht
Dêr sit ik dan. Te wachtsjen op
it groeien fan it gers, it boarnen
fan de moanne. It is tsjuster,
mar hjir en dêr flitst in ljocht.
It riselet yn de hage. In fûgel
dy’t it paad bjuster is of de kat
dy’t derûnder kipet. Ik lês sabeare.
It lampeljocht lûkt sacht oan
myn blik en de stekmiggen,
se falle gear. Yn letters
kin ik net ferlern reitsje.
De nacht bylket nei de moarn.
Midzomernachtwacht
Daar zit ik dan. Te wachten op
het groeien van gras, het falen
van de maan. Het is donker,
maar hier en daar flitst een licht.
Het ritselt in de heg. Een vogel
die de weg kwijt is of de kat
die zit te gluren. Ik lees voor de schijn.
Het lamplicht trekt zachtjes aan
mijn blik en de steekvliegen,
ze vallen samen. In letters
kan ik niet verloren raken.
De nacht blaft naar de morgen.
.
|